Frijwilligerswurk nei wurktiid

11 sep 2008 - 15:56

Fiif wurknimmers fan soarchynstelling Palet wolle op frijwillige basis mear oandacht jaan oan harren kliïnten. Se hawwe dêrom it saneamde ´dûbel-op-team´ yn it libben roppen. Se fine it spitich dat Palet as profesjonele ynstelling allinnich mar basale soarch jaan kin en neat ekstra´s. Yn harren frije tiid ferfolje se no winsken fan âlderen, lykas it meitsjen fan in autoritsje yn in cabriolet of noch in kear werom nei it hûs dêr´t bewenners altiten wenne hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)