Doar ticht foar lestige klant

Doarbelied by hoareka Ruterskertier
Hoareka-ûndernimmers oan it Ruterskertier yn Ljouwert meie tenei besikers wegerje dy't geregeld foar problemen soargje. Dat hawwe de ûndernimmers ôfpraat mei de gemeente en de plysje.
In besiker dy't trije kear foar oerlêst soarget yn in hoarekasaak komt op in webside te stean, sadat ek oare saken oan it Ruterskertier him of har wegerje kinne. Mooglik dat it belied yn 'e takomst ek op oare plakken yn Ljouwert tapast wurdt.