Meiprate oer bussen Boalsert

11 sep 2008 - 12:54

Ynwenners fan Boalsert meie meiprate oer it busferfier yn har stêd. Boalsert moat op syk nei in nij plak foar in busstasjon, omdat Arriva op de besteande lokaasje apparteminten bouwe wol. Ek sil der wat dien wurde oan de oerlêst dy't de bussen yn de stêd jouwe. Se soargje ûnder oare foar trillingen.

De gemeente siket no ynwenners dy't meitinke wolle oer oplossingen foar it busferfier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)