Koudum krijt 800 gasten

Koudum makket him op foar 800 gasten
Koudum is drok yn aksje om it doarp kreas te krijen. It doarp is nammentlik fan 25 oant 27 septimber gasthear foar 800 bûtenlânske gasten en dêr moat noch in protte foar regele wurde.
De gasten, út ferskate lannen, komme foar de útrikking fan de Europeeske doarpsfernijingspriis. Dy priis wûn Koudum yn 2006 en dêrom is it doarp no gasthear by de útrikking fan 2008.