Wethâlder Bleize (PAL) hâldt op

Wethâlder Bleize giet nei Cartesius
Wethâlder Yvonne_Bleize fan ´e gemeente Ljouwert leit har funksje del. Se wurdt direkteur fan it Cartesius Instituut yn Ljouwert en folget dêrmei Yoram_Krozer op. Hy docht aanst mear ynhâldlik wurk foar it ynstitút. It is noch net bekend wannear´t Bleize krekt ophâlde sil. Dat hinget ôf fan hoe gau der in opfolger is.
Bleize waard 2,5 jier lyn wethâlder foar PAL/GrienLinks. Se sjocht har nije baan as in ´enoarme útdaging´.