Foppe set troch mei Oranje

11 sep 2008 - 10:42

Foppe_de_Haan makket it karwei by Jong_Oranje gewoan ôf. Hy fynt it wurk noch hieltyd moai en is net fan doel om dermei op te hâlden foar de ôfrin fan syn kontrakt takom simmer. Ek de KNVB wol net fan him ôf. Dat seit er yn in reaksje op geruchten dat er ynkoarten ophâldt as bûnscoach fan Jong Oranje.

Jong Oranje waard dizze wike útskeakele foar pleatsing foar it EK yn Sweden yn 2009. De Haan spruts nei dat duel syn twifels út oer de takomst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)