Motorrider 72 km. te hurd
In 48-jierrige man fan Wiuwert hat tiisdei in flinke boete krige om´t er 72 km yn ´e oere te hurd ried op de Albadawei yn Poppenwier. De plysjes seagen de man mei 132 km op ´e teller foarby sjitten, wylst dêr mar 60 tastien is.
De man waard oanhâlden en moast syn rydbewiis en motor ynleverje.