Väyrynen skoart tsjin Dútslân

© Omrop Fryslân
Hearrenfeanspiler Mika_Väyrynen hat woansdei skoard yn de ynterlân Finlân-Dútslân, dy´t einige yn 3-3. De Finske middenfjilder makke út in volley 2-1. Finlân kaam trije kear yn de wedstriid mei in doelpunt foar, mar de Dútsers kamen hieltyd werom troch trije goals fan Miroslav_Klose. It wie foar de Finnen de earste kwalifikaasjewedstriid foar de WK.
Väyrynen komt tongersdei foar it earst by de seleksje fan SC Hearrenfean nei de oergong fan syn âlde club PSV.