Takomst Flyers feilich

10 sep 2008 - 22:29

De takomst fan de Hearrenfean Flyers is feilichsteld. Op it lêste momint hat Thialf tasein it gat yn ´e begrutting fan 30.000 euro te beteljen. Dêrmei kin de club mei in folweardich team meidwaan yn ´e earedivyzje. De Hearrenfean Flyers hawwe de ôfrûne tiid hurd op syk west nei sponsors om de ploech te behâlden foar de top fan it iishockey.

Nei oerlis mei de gemeente en Thialf is ta dizze oplossing besletten. It bedrach moat wol werombetelle wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)