Reparaasje oan damwân Harns

10 sep 2008 - 17:13

Rykswettersteat is dizze hiele wike dwaande mei de reparaasje fan 'e fersakke damwân by de terminal fan Rederij Doeksen yn Harns.

De nije snelboat de Tiger, hat de ôfrûne wiken in gat fan 12 meter yn de boaiem blaast. Hjirtroch fersakke de damwân en kamen der skuorren yn de bestrjitting. Mei grut materiaal wurdt it gat fol smiten en de kade fersterke. Op de boaiem komme semint en stiennen om nije gatten foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)