Tips foar hotelgasten Ljouwert

Hotelgasten fan it Eden_Oranje_Hotel yn Ljouwert krije tenei persoanlike tips fan meiwurkers foar harren tripkes yn de stêd. De Eden Hotel keten presintearre woansdei yn de santjin hotels yn it lân it konsept ´Love City Life´. De hotels wolle har sa ûnderskiede fan de konkurrinsje.
Yn Ljouwert hawwe ûnder oare Golden Tulip en Van_der_Valk plannen foar nije hotels. It Eden Hotel presintearret him fan woansdei ôf as in echt stedshotel, mei in eigen gids.