Oarsaak swimmersjokte ûndúdlik

10 sep 2008 - 13:19

Wetterskip Fryslân hat gjin oarsaak fûn foar de swimmersjokte yn swimfiver Vlinderslag by Wolvegea. Begjin augustus krigen fiif minsken lêst fan de jokte neidat se yn de fiver swommen hiene.

Swimmersjokte kin feroarsake wurde troch stront fan wetterslakken, mar dy is yn de fiver net oantroffen. Dêrom hat it wetterskip de konklúzje lutsen dat der gjin oanwiisbere oarsaak fûn is foar de jokte. It brûken fan de swimfiver bliuwt foar eigen risiko.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)