Hoareka It Amelân mei meiprate

© Omrop Fryslân
De gemeente It_Amelân sil de hoareka op it eilân tenei mear belûke by it jaan fan hoarekafergunningen. De ôfdieling Amelân fan Koninklijke Horeka wol dêr graach oer meiprate.
Yn it ferline wiene der wol winkels dy´t ek hoareka-aktiviteiten op harren naam hiene. De gemeente hat dy saken foar de kar steld om óf winkel óf in hoarekasaak te wurden. Om soksoarte situaasjes yn de takomst fuortendaliks goed te regeljen, mei de hoareka tenei advys jaan by fergunningsoanfragen.