Tigerspin sjoen op It Amelân

De tigerspin (foto Jantina Scheltema)
It_Amelân is in nije spinnesoart riker. De tigerspin is dêr tiisdei fûn en fotografearre yn ´e Oerderdunen. De soarte komt oarspronklik út it Middelânske Seegebiet, mar komt hieltyd mear nei it noarden troch it waarmere klimaat.
De spin is foar it earst yn 1980 yn Nederlân fûn en der binne ek waarnimmings bekend fan Skiermûntseach en Teksel. De kleuren fan de tigerspin lykje wol wat op dy fan in tiger en se kinne behoarlik grut wurde.