Trochride by wedstriden H´fean

10 sep 2008 - 10:38

By it Abe_Lenstrastadion sil kommende freed in proef dien wurde om it ferkear better trochrinne te litten. By thúswedstriden fan SC_Hearrenfean ûntstean geregeld files op de A7 en de A32, omdat sa´n twatûzen auto´s in parkearplak sykje moatte.

De proef hâldt yn dat tusken it krúspunt by de McDonalds en it stadion twa rydbanen beskikber komme. Mei grutte klapbuorden by de Stadiondyk lâns sil it ferkear wiisd wurde op de nije situaasje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)