De Vries 10de op WK skeelerjen

© Omrop Fryslân
Op it Wrâldkampioenskip skeelerjen yn it Noard-Spaanske Gijon is Elma de Vries op de tsien kilometer puntekoers as tsiende einige. De Vries, foarhinne fan De Haule mar no wenjend yn Meppel, ried in goeie wedstriid, mar kaam der op de beslissende mominten net oan te pas.
Ruurd Dijkstra fan Nijeholtwâlde is by de junioaren einige as 26ste op 'e 20 kilometer ôffalkoers, Manon Kamminga fan Haulerwyk waard 18de. Op de 500 meter einige Kamminga as 21ste.