Oanhâlding foar brânstifting

10 sep 2008 - 09:44

De plysje hat moandei in tredde fertochte oanhâlden op fertinking fan brânstifting yn in hûs oan de Earste Kostrjitte yn Ljouwert op 12 augustus. It giet hjier om in man (30) út Den Helder. Earder binne foar dizze brân in oare man (30) út Den Helder en in frou (24) út Ljouwert oanhâlden.

By de brân hat de wenning in soad skea oprûn. Nei wiidweidich ûndersyk binne de trije oanhâlden. De manlju binne ynsletten foar neier ûndersyk, de frou is wer frijlitten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)