Man oanhâlden nei bedriging

10 sep 2008 - 09:34

In 34-jierrige man út Ljouwert is tiisdei yn syn wenplak oanhâlden om't er ferskate minsken bedrige hat. De man hie spul krigen yn in kafee/restaurant en bedrige dêrby mei in barkruk it personiel. Dêrneist fernielde er in finsterbank. Doe't er bûten wie, sloech er in foarbygonger.

De plysje wie der gau by en brocht de man nei it plysjeburo. Dêr fûnen se noch 17 kokaineboltsjes yn de klean fan de man. Hy sit fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)