Feest jubileum Alvestêdetocht

10 sep 2008 - 07:50

It 100-jierrich bestean fan de Feriening Fryske Alve Stêden sil net ûngemurken foarby gean. Der is op 15 jannewaris 2009 in grut feest yn de Harmonie mei plak foar 3000 leden, der is yn alle alve stêden muzyk mei Syb van der Ploeg. En der komt ek noch in bysûndere teaterfoarstelling fan Tryater, dy't 12 oeren duorje sil.

It programma is woansdei ier en betiid yn it WTE Expo yn Ljouwert bekend makke, op itselde tiidstip as in echte alvestêdetocht begjint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)