Parkearen net goedkeaper

10 sep 2008 - 06:34

Parkeare yn it sintrum fan Ljouwert wurdt net goedkeaper. De VVD-fraksje hie dêr om frege, mar it kolleezje bliuwt by de besteande tariven. De VVD wol de kosten fan it moarnsparkearen ferleegje fan 2,40 euro nei 1,00 euro yn de oere en it betelle parkearen yn de jûnsoeren ôfskaffe.

De VVD basearret him op in ûndersyk fan de Consumentenbond. Dêrút docht bliken dat Ljouwert in djoere stêd is om yn it sintrum te parkearen. Neffens wethâlder Bleize doocht dy list net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)