Wurk foar Waadakademy

10 sep 2008 - 06:20

In moaie kâns foar ynnovatyf wettermanagement, neamt de Waadakademy it advys fan de Deltacommisie oer maatregels foar de seespegelstiging. Ek al binne de gefolgen fan de klimaatferoaring foar de Waadsee bedriigjend, Nederlân hat ek de kâns de foarlûkersrol te nimmen as it giet om wettermanagement.

Foar it behâld fan it Waadgebiet is it nedich dat alle ûndersikers en beliedsmakkers deselde kant opwurkje, fynt de Akademy.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)