SKS silerij 2009 útsteld

09 sep 2008 - 16:05

De SKS hat it skûtsjesilen takom jier in wike opskood, oars hie in part fan de skippers en bemanning net meisile kind. Dy binne dan nammentlik noch oan it wurk. Der wurdt no syld fan 18 oant en mei 31 july.

Probleem is wol dat dan de priisútrikking op it Starteilân yn de Snitsermar tagelyk is mei de start fan de Snitswike. De boargemaster fan Snits wurdt mei de Kommissaris fan de Keninginne op beide eveniminten ferwachte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)