Minne foarferkeap teaters

09 sep 2008 - 14:51

Soarchlike tiden foar de Fryske skouboargen. Yn de foarferkeap waarden oer it generaal sa'n 10% minder kaarten ferkocht. Foar de Harmonie in finansjele tsjinfaller fan 150.000 euro, foar de Lawei yn Drachten in strop fan hast trije ton.

De teaters sille no mear enerzjy en jild yn de ferkeap-pr fan de reguliere foarstellings stekke moatte. Mar neffens Harmonie-direkteur Oostvogel is dat jild der net. Oostvogel wol dêrom mear stipe fan 'e gemeente.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)