Bosk by Lauwersmar kape

09 sep 2008 - 14:07

Natoerorganisaasje Steatsboskbehear kapet de helte fan de beammen oan de Fryske kant fan it Lauwersmargebiet. De kap is needsaaklik om romte te meitsjen foar oare planten en struken. It giet meiïnoar om 200 bunder bosk dat fuort helle wurdt.

It wurk soe earder yn juny út ein sette. Dat slagge doe net omdat it te wiet wie foar de grutte masines dy't ynset wurde. It kapwurk duorret noch wol oant en mei de winter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)