Keunstmoanne profesjoneler

© Omrop Fryslân
De keunstmoanne op It Amelân wurdt profesjonaliseard. De organisaasje hat dêr 172.000 euro foar nedich. Dat moat opbrocht wurde troch de provinsje, de gemeente It Amelân en it bedriuwslibben.
Fan it jild moat in artistyk- en in saaklik lieder betelle wurde. Dy krije twa jier de tiid om in goede organisaasje op te setten en de takomst fan de keunstmoanne feilich te stellen. Yn novimber set de keunstmanifestaasje út ein.