Boppeferdjipping útbaarnd

09 sep 2008 - 13:37

Oan It Van der Leckplein yn de wyk Bilgaard yn Ljouwert is tiisdei nei it middeisoere in boppeferdjipping fan in rychjeswente útbaarnd. De brânwacht fan Ljouwert moast der oan te pas komme mei twa blusweinen en in heechwurker. Op it momint fan de brân wiene der gjin minsken yn de wente. Wol binne der twa katten en in knyn rêden út it hûs.

De wenning is ûnbewenber ferklearre. Der wurdt noch ûndersyk dien nei de oarsaak fan de brân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)