Lúkse hotel yn sintrum Harns

09 sep 2008 - 12:10

Yn it eardere kantoar fan de Waadferiening oan de Voorstreek yn Harns komt in lúkse hotel. In Harnzer projektûntwikkelaar hat it monumintale gebou kocht en wol it ferbouwe ta in hotel mei acht keamers.

Neffens de eigner is der ferlet fan in lúkse hotel yn de Fryske havenstêd. De ferbou sil sa'n oardel jier duorje. De gemeente is entûsjast oer it plan. In groep buertbewenners hat wol protest makke tsjin it plan om in âlde beam yn 'e achtertún te kaapjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)