Ykema werom yn reedriderswrâld

Jan Ykema (foto Martin de Jong)
Jan_Ykema fan Penjum wurdt assistint fan coach Johan_de_Wit by de APPM reedridersploech. Hy sil der ûnder oare de sprinters Lars_Elgersma en Jacques_de_Koning begelieding jaan.
Ykema, dy't op de Olympyske_Spelen yn 1988 in sulveren medalje wûn op de 500 meter, kearde it reedriden tweintich jier lyn de rêch ta, gie yn de sakewrâld, mar rekke ferslaafd oan de kokaine. Hy is no wer fan de drugs ôf en besiket syn libben wer ynfolling te jaan.