Aksje foar tsjerke fan Wier

08 sep 2008 - 17:19
  • Wier bliuwt yn aksje foar de tsjerke

Der wurdt in nije aksje opset foar de tsjerke fan Wier. Der is ien miljoen euro nedich foar de restauraasje fan it gebou, mar it slagget mar net om dat jild by mekoar te krijen.

De Pleatslike Kommisje Wier hat dêrom mei de stifting Alde Fryske Tsjerken in wike mei aktiviteiten organisearre, foar promoasje fan de tsjerke. Fan 13 oant en mei 20 septimber sil 'de week van de sterren' plakfine. Earder die Wier al mei oan tv-programma De Restauratie, mar dat smiet neat op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)