Burgernet ek yn Fryslân

08 sep 2008 - 15:34

De plysje Fryslân wol fan oktober ôf mear boargers ynskeakelje by it opspoaren en oanhâlden fan kriminelen. Minsken dy't har dêrfoar oanmelde komme yn in telefoanysk netwerk: it saneamde Burgernet. As yn har direkte omjouwing in misdriuw plak fynt, wurde boargers fia in telefoantsje stimulearre om yn aksje te kommen.

Burgernet set út ein yn de gemeenten Ljouwert en Dantumadiel. Op grûn fan lanlike testen wurdt útgien fan sa'n 6.000 oanmeldings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)