Motorkruser sonken yn Snits

08 sep 2008 - 13:06

Oan de Giekstrjitte yn Snits is fannacht in motorkruser foar in grut part sonken. Der is noch gjin oalje út it skip rûn, mar de brânwacht hat út foarsoarch in oaljeskerm om it skip lein.

Moandeitemiddei sil it skip leechpompt wurde en dan bestiet de kâns dat der wol oalje lekke sil. Dy oalje kin dan fuortendaliks oprêden wurde. It is net bekend wêrtroch de kruser sonken is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)