TBC besmetting by Rabobank

08 sep 2008 - 12:57

Sechtjin meiwurkers fan de Rabobank yn Snits binne besmet mei de tuberculose-baktearje. De boarne is in 39-jierrige kollega út Wytmarsum. Sy rûn de TBC nei alle gedachten op yn Harns.

It bankpersoniel krijt in heal jier lang medisinen om de baktearje dea te meitsjen. De meiwurkers binne net siik en kinne dus gjin oare minsken besmet ha. Klanten fan de bank hoege ek net benaud te wêzen dat se ynfekteard binne, omdat de frou in burofunksje hie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)