Lange files by Ljouwert

08 sep 2008 - 10:34

Stikkene stopljochten by de ôfslach Wurdum yn de A32 by Ljouwert soargen de hiele moarn foar lange files. Yn de rjochting Ljouwert stie fannemoarn in file fan Grou oant de stêd. Dêrtroch rûn ek it ferkear op de Wâldwei fêst en stie der ek in lange file út de rjochting fan It Hearrenfean.

Tsjin tsienen diene de stopljochten it wer en wiene de files lang om let oplost. Rykswettersteat ferwachtet gjin problemen foar de jûnsspits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)