Frou berôve op Beursplein

08 sep 2008 - 09:06

In 62-jierrige frou út Ljouwert is sneintemiddei op it Ljouwerter Beursplein berôve. De frou fytste fanút it sintrum rjochting Suderplein doe't se fernaam dat er immen oan har fytstassen siet. Even letter seach se dat in ûnbekende man mei har tas fuortfytste.

It giet om in blanke man fan sa'n 23 jier en sa'n 1 meter 75 lang. Hy is meager en hat in kealjende holle. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)