Ekstra foarstellings 'Zelle'

Freark Smink as dûmny Zelle
Der komme twa ekstra foarstellings fan de tredde rige fan it stik 'Zelle' fan Tryater yn Snits. De iepeningsfoarstelling is al útferkocht. De ekstra foarstellings binne tiisdei 18 novimber en woansdei 19 novimber.
Zelle is in foarstelling oer in aparte dûmny, mar ek oer in akteur, Freark Smink, dy't yn de hûd fan Zelle krûpt en witte wol wat dizze dûmny krekt sein hat. Zelle libbe fan 1907 oant 1983 en kaam út Ljouwert.