Sykaksje nei automobilist

07 sep 2008 - 15:07

De plysje en brânwacht ha yn de nacht nei snein in sykaksje holden nei de bestjoerder fan in auto. De man wie earst rjocht oer de rotonde fan De Jouwer riden en dêrnei op de kop yn it wetter njonken de A7 terjochte kaam.

Nei goed in healoere kaam in melding binnen dat de man (26) út Koatstertille yn Hotel Joure wie. Hjir waard de man oanholden. Op it plysjeburo blies de man 455 ug/l en dat wie goed foar in rydferbod fan fjouwer oeren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)