Frou mei auto yn sleat

© Omrop Fryslân
De plysje ûndersiket in iensidich ûngemak op de Littenserbuorren yn Wommels, wêrby't sneintemoarn in 23-jierrige frou út Lollum ferwûne rekke. De frou ried yn de rjochting fan har wenplak, doe't se troch noch ûnbekende reden oan de linkerside fan de dyk tsjin in peal botste.
Hjirnei kaam se yn de sleat ta stilstân. De frou is mei ferwûnings oan de nekke mei in ambulânse nei it sikehûs yn Snits oerbrocht.