Oanriding yn Surhústerfean

07 sep 2008 - 14:58

De plysje ûndersiket in oanriding tusken twa automobilisten, sneontejûn op de Warreboskleane yn Surhústerfean. In man (18) út Boelensleane rekke dêrby ferwûne. In man (64) út De Triemen ried fanôf in oprit fan in wenning de Warreboskleane op.

De 18-jierrige dy't út de rjochting fan Boelensleane kaam, koe de man net mear ûntwike. Hy rekke de auto fan de man út De Triemen, ferlear dêrtroch de macht oer it stjoer en kaam mei de auto yn in droege sleat telâne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)