Nederpop Live rint goed

07 sep 2008 - 13:13

It Nederpop Live muzykspektakel op 4 oktober yn it WTC Expo hat yn in pear wike tiid al goed tûzen kaarten ferkocht. De organisaasje MBN Music Marketing & Promotion, sprekt oer in ûnferwacht súkses.

It is de earste kear dat Nederpop Live yn it Noarden organisearre wurdt. Neffens organisator Marc de Bruin libbet de nederpopmuzyk en is de doelgroep grut. Yn de line-up stean: Vandikhout, De Kast, IOS, Henk Westbroek, Erik Mesie en Bert Heerink.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)