Media Art Festival yn Ljouwert

07 sep 2008 - 12:56

Yn de húskeamer fan it earder Histoarysk Sintrum yn Ljouwert wurdt sneintejûn it Media Art Festival holden. Op it festival trede trije talintfolle jonge singer/songwriters op. Dit binne: Kim Janssen, Het Gloren en One Trick Pony.

De jûn begjint om 20.00 oere. De tagong is fiif euro. Der binne ek ynstallaasjes en fideowurken op it Media Art Festival te besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)