Winst foar Harkemase Boys

© Omrop Fryslân
Harkemase_Boys hat de earste wedstriid yn de sneonshaadklasse C mei 2-1 wûn fan Oranje Nassau út Grins. De ploech fan trainer Henk de Jong wie de bettere ploech en kaam yn de earste helte fia Jelmer Slager op foarsprong.
Krekt nei it skoft die de thúsploech wat werom en kaam op likense hichte. Trainer De Jong hie dêrnei in gelokkige hân fan wikseljen. Hy brocht Oebele Schokker yn it fjild en dy makke de winnende goal: 1-2.