'Draakjefeest moat grutter'

It draakjefleanfeest dat dit wykein holden wurdt yn Drachten moat in grut ynternasjonaal evenemint wurde. Dat binne de plannen fan de organisaasje. Tsientallen fliegers út ferskate lannen wiene sneon te sjen boppe de Drachtster airstrip.
As it oan organisator stifting Wings leit, is de loft yn Drachten takom jier hielendal folle mei draakjes. Dit wykein is de 15e edysje fan it evenemint. Der binne ek besikers út Ingelân, Dútslân en sels Turkije.