Be Quick '28 te sterk foar ONS

06 sep 2008 - 16:44

ONS_Snits is net goed begûn oan de kompetysje yn de sneonshaadklasse C. Yn eigen hûs waard mei 2-0 ferlern fan Be Quick '28 út Zwolle. Nei in kertier kamen de besikers fia Nick Kok op foarsprong. Rudy Mann krige dêrnei in grutte kâns foar ONS, mar hy wist net te skoaren.

Yn de twadde helte rekken Mann en Jasper Valentijn ek noch de peal. It gelok siet ONS net mei en Be Quick makke dêrnei dien wurk. Kok skoarde syn twadde en soarge dêrmei foar 0-2.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)