Iepen dei nij teater Dokkum

Yn partysintrum It Colloseum yn Dokkum waard sneon in iepen dei holden oer it nije teater. Lange tiid wiene de Dokkumers kritysk oer de komst fan in nij teater, mar sneon waard foaral posityf reagearre.
Yn it nije teater, Dok 18, is hast 1,5 miljoen euro ynvestearre. Nije wike giet it iepen. Der stean grutte nammen, lykas Ramses Shaffy, op it program. Mei konserten kin de sittribune fuortriden wurde, wêrtroch der in iepen seal ûntstiet.