ZVV Avanti wint fan WMC

06 sep 2008 - 16:32

De sealfuotballers fan Avanti út Stiens binne goed begûn oan harren earste jier as earedivizjonist. Yn eigen hûs waard WMC mei 6-2 ferslein.

By it skoft stie Avanti noch mei 1-0 achter. Yn de twadde helte rûn de thúsploech oer de besikers hinne. Troch goals fan Erik Westra (2), Peter Jan Schuts, Hendrik Tolsma en Fouad en Mohamed Faraouni pakte Avanti de oerwinning. De nije trainer Anand Jagdewsing wie tige optein mei de earste winst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)