Grutte quilt makke yn WTC Expo

06 sep 2008 - 13:00
  • Quilte yn it WTC Expo
  • De quilt komt oan de Aldehou te hingjen

De quilt dy't op 15 novimber oan de Aldehou yn Ljouwert ophongen wurdt is sa goed as klear. 360 hobbyisten út it hiele lân ha krekt safolle babyquilts makke en dy wurde sneontemiddei troch 60 quiltsters yn it WTC Expo fan Ljouwert oan elkoar naait.

Der leit dan op de flier in keunstwurk fan 10 by 25 meter en dat binne de maten fan ien de muorren fan de Aldehou. It is de iepeningsstunt fan de ynternasjonale útstalling 'Quilt' yn it Frysk Museum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)