FK pealsitten fan start

06 sep 2008 - 12:30
  • It FK pealsitten yn Warns

Freedtejûn om 19.30 oere binne yn Warns acht pealsitters fan start gien om Fryk kampioen pealsitten te wurden. Yn totaal njoggen minsken hiene har opjûn, mar ien persoan kaam net opdaagjen.

It Frysk rekôrd stiet op 65 oeren en 47 minuten en om dat te heljen moatte de dielnimmers oant moandei it middeisoere sitten bliuwe. De dielnimmers bestean út fiif manlju en trije froulju. Se meie elke twa oeren efkes tsien minuten fan de peal ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)