Gemeente: keunstgers geskikt

© Omrop Fryslân
De gemeente Frjentsjerteradiel lit yn in reaksje op de twa soarten keunstgersmatten fan fuotbalclub Frjentsjer witte dat se beide foldogge oan de easken sa as yn it bestek oerienkaam. De fuotbalclub seit net op de hichte te wêzen fan de oanlis fan twa soarten gersmatten. De iene is in wedstrydfjild by útstek en it oare fjild kin as wedstryd- en trainingsfjild brûkt wurde. De fuotbalclub seit no yn de problemen te kommen mei de trainingen fan sa'n fyftich teams.