Fiadukt by Surch iepene

05 sep 2008 - 20:20

It fiadukt by Surch oer de N31 is freed iepene foar it ferkear. De fytsbrêge en it fiadukt ter hichte fan Kimswert binne noch net klear. It projekt leit lykwols goed op skema.

Minister Eurlings sil de fernijde dyk nei alle gedachten yn desimber iepenje. Der is acht jier oan it projekt wurke. De kosten binne yn totaal 21 miljoen euro. De N31 moast oanpakt wurde omdat it in gefaarlike dyk wie. Op de krusings binne troch botsingen 25 minsken omkaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)