Cambuur ferwachtet fol hûs

© Omrop Fryslân
SC Cambuur ferwachtet freedtejûn in útferkocht hûs tsjin FC Den Bosch. Dat betsjut dat der sa 'n 10.000 minsken yn it stadion sitte. Freedtemiddei wiene der noch mar 1400 kaarten beskikber. It is foar it earst sûnt jierren dat der safolle ynteresse is foar in kompetysjewedstryd.
It stadion wie ferline jier foar de wedstriden tsjin AZ en Excelsior ek sa goed as fol. Mar doe gie it om earedivyzjeploegen yn de striid om de nasjonale fuotbalbeker.